Youtube Twitter Facebook

It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Swiere klaai...

Wy hiene it yn in oantal lessen hân oer boeren. Hiel aktueel mei it programma 'Boer zoekt Vrouw'. Ek hiene wy it hân oer it ferskaat fan boeren: in bouboer, in feeboer, túnkers, bargemesters, hinneboeren ensfh. Mar ik hie ien fergetten! Want doe 't ik hjoed ris even kontrolearje woe oft de stof allegearre wol hingjen bleaun wie, antwurde ien fan 'e bern (nei lang neitinken): in grienteboer...

Pleatst: 31-10-2006 / 19:58 oere - Reagearje?


Pech...?

Myn mobile tillefoan wie weirekke! Fan 'e moarn doe't ik fuort soe, kaam ik der achter. Yn 5 minuten alles ôfsocht, mar nearne te finen. Ik wie sneontejûn hast hiel Fryslân troch west, dat ik siet my al te betinken hokfoar nûmers ik allegearre belje moast...

Underweis nei skoalle hearde ik op 'e radio in ferslach oer reekmelders. Samar ynienen hearde ik in dúdlike piip yn 'e auto. Dat is goed opnaam, tocht ik. Dy reekmelder is goed te hearen, dy wurket. Mar doe seach ik dat der in lampke begûn te baarnen! It wie net de radio, mar de auto dy't oangie... It die bliken dat der wat oan 'e hân wie mei de remmerij. Lokkich koe ik op advys fan de garaazje trochride, mar ik moast my wol sa gau as't koe melde by in 'servicepunt' sa as dat hjoed oan de dei hjit. Nuver, want wy wiene der ferline wike oars krekt west. Hiene se ek noch wol de remblokjes fernijd...

Myn sjaaltsje wie ik ek noch kwyt en de bern hienen der hjoed ek oh sa'n sin yn. (As lei dat gefoel mear by master sels...) Dat om no te sizzen dat it in 'top-dei' wie...

Lokkich wie de tillefoan fan 'e jûn alwer teplak , hie'k it sjaaltsje op skoalle hingje litten en wie 'oh wunder' it ljochtsje fan 'e remmerij wer út gien. Boppedat bellen se fan postkoadelotterij dat wy sa'n heal miljoen wûn hiene! En sa hie dizze pechdei dochs in 'happy end'...

Hoewol... dat fan dy lotterij is net wier, soe ek al te moai wêze. Mar sa'n reekmelder, dat skynt dochs goed en foaral feilich te wêzen. It hat al ferskate minsken it libben rêden. Dat dochs mar ris nei sa'n 'servicepunt' (foar reekmelders bedoel ik dan...)

Pleatst: 30-10-2006 / 21:33 oere - Reagearje?


Tusken de stokken...

Fansels tinkt elke lêzer by dizze titel oan hynders. Der is sels in menferiening dy't sa hjit. Mar ik moat jimme teloar stelle. Dit hat neat mei hynders te krijen!
Wy doarre it hast net te sizzen, mar Wilma docht mei oan de nijste raazje: Nordic Walking! En dan rinne jo ek tusken in pear stokken... Se ha sels in kursus folge. Soene jo sizze, dat der in kursus foar nedich is... Dat dogge jo dochs sa even?

No hiene se justermoarn in 'stokken-tocht' yn de Marnewaard. (Goed fier fuort, hie 'k ek dien...) Sa'n 7 kilometer moasten se sjouwe troch dit natoergebiet. Mar no kaam se laitsjend thús! Hat wol in komyske tocht west en dat fyn ik dan wol wer moai. Moat ek tige komysk wêze, al dy kuierders mei dy stokken te swaaien. Mar dat wie net de oanlieding fan dizze wille! Nee, Wilma moast sa laitsje om't se har stokken fergetten wie (poles hjitte dy dingen in faktaal), dy stiene noch moai yn it hok. Dat ier en betiid rjochting Lauwersmar, der hielendal klear foar en dan ta ûntdekking komme dat dy dingen (en dat is myn faktaal) noch thús steane! Lokkich koe se in pear liene fan de ynstrukteur. (Ja jo ha by dizze 'sport' in ynstrukteur nedich!) Dat de tocht wie dochs noch slagge.

Wilma sil wol tinke: 'Men moat jong in stôk snije om der âld op te leunen...'

Pleatst: 29-10-2006 / 11:25 oere - Reagearje?


Service... service...

Boppesteande knipperde yn 'e display fan de auto. Froeger moasten jo om 'e 10.000 km oalje ferfarskje en trochsmarre en dat dan sels yn 'e gaten hâlde. Faaks hong der ek noch in kaartsje oan it stjoer, dêr stie dan op wannear jo ferwachte waarden. Hjoed oan 'e dei jouwe auto's it sels oan as se nei de garaazje ta moatte.

Dat hjoed mar wer op famyljebesite... Ek noch wol mei in hiele smoarge auto. Reinwetter en dan al dy klaai hjir by ús op 'e diken. Op 'e foto sjogge jim ús heit dy 't by himsels tinkt: 'Hoe doarre se hjirre mei sa'n smoarge auto te kommen...'

Pleatst: 27-10-2006 / 20:14 oere - Reagearje?


27 Oktober is de dei...

Pleatst: 27-10-2006 / 19:56 oere - Reagearje?


Alarm!

Fan 'e middei belle in meiwurker fan Essent alarmservice. (As soksawat...) Der wie alarm by ús op skoalle. Dat is handich, sei ik tsjin him, ik wenje sa'n 25 kilometer fan skoalle ôf. Ik gean der echt net hinne om it út te setten... Hy koe der ek neat oan dwaan, hy hie no elkenien belle op 'e list, ik wie de earste dy 't thús wie en hy koe it ek net fan ôfstân útsette. Dan moast it mar rammeljen bliuwe, want ear't ik op skoalle bin, ha se de boel al leech helle. Mocht der fan in ynbraak op ljochskyndei sprake wêze...

Fan 'e jûn ha 'k noch even mei de direkteur belle. Dy wie ûndertusken alwer thúskaam. Hy hie krekt op skoalle west, hie neat gjin frjemde dingen sjoen en it alarm rinkele ek net.

Moai sok alarmguod! Lokkich wie it net midden yn de nacht! In oare kollega fan my hat al ris mei har man, op advys fan Essent, om healwei trijen 's nachts om skoalle hinne strúnd... Dat it alarm wurket wol, mar it hâldt de ferkearden wekker...

Pleatst: 26-10-2006 / 18:47 oere - Reagearje?


Klusjesdei...

It soe moai waar wurde... dat dochs noch mar ris mei de meanmesine oer it gers. Doe't ik oan 'e gong wie, kaam der in hiele donkere loft oan. It soe ek net sa wêze, Hendrik is oan it meanen en it reinwetter spielt him temjitte, wannear hie 'k dat earder meimakke... Lokkich foel it ta en fielde ik noch gjin spatten. Mar ik hie de gong der wol yn, ik woe my net wietreine litte! Achterôf die bliken, dat it de hiele middei droech bliuwe soe, dat sa hastich hie no ek wer net hoegd.

Buorman Goasse lokwinske my noch mei myn jierdei en hy koe net echt begripe wêrom dy pop yn 'e tún stean moast. Doe't ik Goasse der op attint makke, dat it in âlde man wie, dat hy mosterd yn 'e hân hie en dat dat dochs wol te krijen hie mei Abraham... Doe begûn it him wat te daagjen. Alline dy mosterd koe hy net pleatse. Dat ik wit net... Goasse wit leau'k net wêr't Abraham de mosterd weihellet...

De rest fan 'e middei ha 'k wat trochbrocht mei oprûmjen, wat skjinmeitsjen en mear fan sokke kluskes. De map dy 't ik brûk by ien fan myn bestjoersfunksjes wie fol, dat der moast ris goed skift wurde. Der binne no ienris pepieren dy't jo nea wer ynsjogge. Boppedat hat, as it goed is, de sekretaresse alles yn 't argyf.

Pleatst: 26-10-2006 / 18:25 oere - Reagearje?


'The day after...'

Hoewol it feest noch komme moat (wy hâlde tegearre in feest, Wilma wurdt yn desimber ek 50 en sadwaande hâlde wy der tusken yn, ien grutte feestdei) hie 'k net te klagen oer belangstelling. Kaarten, tillefoantsjes, kadootsjes en ek in hiele protte digitale lokwinsken. In fraach dy't elkenien dwaande holde wie: en hoe fielt it no om 50 te wêzen? Tsja, wat moatte jo dêr no op sizze. It fielt net oars as oars, mar om't elk der nei freget kriget it dochs wol wat spesjaals...

Boppedat stiet mei grutte letters op alle kaarten Abraham as 50, stiet der in hiele grutte poppe yn 'e tún, krije jo in hearlik bakte Abrahamkoeke fan 'e bern en gean sa mar troch. Dan kriget dat getal 50 dochs wol wat mear ynhâld.

Dochs moat ik der net oan tinke dat ik no al gebrûk meitsje kin fan alderhanne 50-plus foarsjennings... Jo hoege mar even te 'googlejen' as de 50-plus sides raze jo temjitte. Krije jo fisioenen fan bloedrukmeters, kuierstokken en fytsen mei kaarten op it stjoer. Kin my noch heuge dat in goeie kunde sei, doe't hy in man en in frou, beide op leeftiid, fytsen seach: 'No, dy ha it boek ek út...'

En no moat ik ophâlde, want it griist my oan! Us boek is hiel tsjûk, ik bin noch net iens op 'e helte en Wilma hat in hekel oan fytsen. Dan ha 'k mear oan in kaart dy 't suver krekt troch de bus foel mei de kreet: 'Joepie 50! jaar jong!'

Pleatst: 24-10-2006 / 16:03 oere - Reagearje?


Abraham (2)

De binne fan dy dagen, dan ha jo net alles yn 'e hân. Ik hie leaver sjoen dat se de tún meand hiene... :-)) Mar ja, it sil wol te donker west ha tink?! Yn elts gefal prachtich dat Abraham no ek in eigen strjitte hat yn Hantum. Allinne sil der wol net boud wurde meie...

Pleatst: 23-10-2006 / 11:27 oere - Reagearje?


Nijsgjirrich?

Binne jimme nijsgjirrich wurden nei de foto's dêr't ik it juster oer hie? Dan kinne jimme op dizze side in seleksje besjen: foto's fan de Loane.

Pleatst: 22-10-2006 / 18:39 oere - Reagearje?


'Paardenfluisteraar'...

Bygeande foto hiene jimme noch fan ús tegoede. Jimme witte miskien noch it ferhaal fan fotograaf Gea Veenstra. Dy hat yndie hiele moaie foto's makke fan Hidowijn en Menta. Fan 'e wike krigen wy de bestelde foto's thússtjoerd. Dat de fotolisten binne al kocht...

Sa as wy op de foto's fan ús optredens sjen kinne, wat der yn dy sêne barde en ús it gefoel derby ek noch wol foarstelle kinne, sa sjocht Wilma oan de foto's fan de hynders hoe't dy harren doe fielden. Wy kinne mei rjocht sizze dat sy hast in 'paardenfluisteraar' is. Moai dat elk sa yn syn/har hobby opgean kin! De hynders ha allinne gjin dia's yn 'e fuotten, mar oars binne it hast deselde plaatsjes...


Foto: Gea Veenstra

Pleatst: 21-10-2006 / 14:27 oere - Reagearje?


De Loane...

Justerjûn yn doarpshûs de Smoutte fan de Loane (Boelenslaan) siet by ús optreden Geurt P. Maassen van den Brink yn 'e seal. Geurt makket in protte foto's foar Wâldnet en ek makket hy wol gauris foto's fan ús optredens. Sa hat hy de measte foto's op de website fan ús kabaretduo makke. Nei it optreden krigen wy in DVD fan Geurt mei, mei sa'n 265 foto's. En dan is it in toer om tusken al dy moaie foto's in aardige der út te sykjen...

Pleatst: 21-10-2006 / 11:56 oere - Reagearje?


Ofskie (2)

Us ôfskie nimmende kollega is ien fan de oprjochters fan de ferneamde Blauhúster dakkapel. Fansels mochten dy net ûntbrekke op syn ôfskiedsdei. It duorre dan ek net lang as hy stie der tusken mei syn trompet en se setten de seal yn 'no-time' op 'e kop mei harren geweldige muzyk.
Op de webside fan ús skoalle mear foto's fan dizze moaie feestdei.


Pleatst: 20-10-2006 / 08:32 oere - Reagearje?


Ofskie

In kollega fan ús nimt moarn ôfskie fan it ûnderwiis. Hy wurdt 62 en hy wol noch in hiel skoft fan syn pensjoen genietsje. It wurdt in hiel feest, mei in prachtich programma. Ien fan de ûnderdielen is in stikje fan de bliuwende kollega's. En dat stikje moast fan 'e jûn oefene wurde. Bygeande foto is makke troch ien fan de twa taskôgers, mei in mobyltsje. En doe't ik thús kaam sieten de foto's al yn de e-mailboks...

Pleatst: 18-10-2006 / 23:26 oere - Reagearje?


Dat docht my tinken oan...

It ferhaaltsje fan juster die my tinken oan de prachtige beam dy't by ús op 'e buert stiet. By oerbuorfrou yn 'e tún. Elke hjerst wer kriget de beam prachtige kleuren. Sa sjogge jo it hast nea. Elke kear as ik der lâns rin, ryd as fyts tink ik: ik moat der mar wer ris in foto fan meitsje. Faaks is it dan alwer te let. Hat it stoarme en is de beam de oare deis keal. As it bliuwt gewoan by in foarnimmen. Lokkich ha ik yn 2001 al ris in plaatsje fan de beam makke. Ik moast even sykje, mar ik ha him fûn. Mei tank oan Picasa, de treflike fotosoftware fan Google. Dat wurket tige fluch en jo kinne, krekt as yn in plakboek, de foto's nammen jaan en rubrisearje. Dat sadwaande kamen dizze blêdsjes ridlik gau foar it ljocht...

Pleatst: 17-10-2006 / 23:12 oere - Reagearje?


Kuolkastpoëzy (2)

Spitich dat der noch net in Fryske ferzy is... Mar de earste hjerstfla (ek út de kuolkast) smakke hearlik!


Pleatst: 16-10-2006 / 21:20 oere - Reagearje?


Operaasje trepleuning...

Us trepleuning sit fêst yn spaanplaat. (De wand bestiet út twa spaanplaten mei in holle rûmte dertusken...) Mei gewoane skroeven. Dat jimme bepripe, om 'e haverklap wurdt de trepleuning der útskuord. Kin ek noch gefaarlik wêze, dus it wurdt faaks daliks makke. De leuninghâlder dan mar wer yn in nei gat. Fan 'e wike de safolste kear de trepleuning mei 'ham en gram' derút flein. Alles hong der wer by. En ik hie't de foarige kear noch wol sa goed fêstmakke, tocht ik...

Dat juster op nei Karwei en no mar ris goed spul helje. De 'Hollewand plug' like my wol wat. Dat mei in pûde fol guod en wat houtboaren op nei hûs. Ik moast de man fan Karwei freegje om de ferpakking even foar te lêzen, want oars wist ik net hokfoar maat boar ik ha moast. It binne sokke lytse letterkes en de bril wie thús fansels...

No, dat waard my in hiele operaasje! Gat te lyts, pluch passe net. Gruttere boar hie'k net. Dochs net goed lêzen? Gat wat útfreze mei de boar, pluch ferdwynt yn gat, dus gat te grut. Wer in nei gat, en der sieten al safolle... Skroef te lyts, hoeke út it behang, skroevedraaier kinkelt by de trep del en gean sa mar troch. Ut de keamer rôp al ien: 'Wat dochsto dêr?'

Mar it sit! Ik kin no net sizze 'as in hûs', mar de trepleuning beweegt yn elts gefal net as jo him fêstpakke.
Mar ik ha sa'n gefoel dat ik nochris mei in hiele lange bout mei in moer oan de oare kant dwêrs troch de twa spaanplaten hinne de saak foargoed fêstdraaie moat...

Pleatst: 15-10-2006 / 11:26 oere - Reagearje?


De waan slacht ta!

Dit hinget no op it prikboerd by ús yn 'e kofjekeamer. Doe't ik dit formulier krige, want elk hat ek ien yn 'e klasse, ha'k der opskreaun: "Meester ontvangt registratieformulier, meester hoofdpijn en neemt paracetamol." Wannear is der no ris ien dy't opstiet en seit: 'As jimme dit byhâlde wolle, dan dogge jimme dat sels mar!' It mei dúdlik wêze dat de namme fan it bern fuorthelle is, want as ik myn namme lêze soe hie'k de pleister der fuortendaliks wer ôfskuord!

Pleatst: 14-10-2006 / 13:56 oere - Reagearje?


Miep miep...

Fan 'e middei gie om healwei seizen de tillefoan op it Lemieren. Dat is Wilma tocht ik... En dat wie ek sa! Wilma moast om seis oere de auto brûke en hie dat de moarns fergetten te sizzen. Har menlessen begûnen wer. En as jo menne wolle, moat de hynstetrailer achter de bus en ik wie dus mei de bus. Hie'k dat witten, dan wie ik yn it golfke gien. Maar afijn 'een haas is geen konijn', ik moast as in spear nei hûs. Wurk lizze litte en plankgas mei de bus.

No dan kinne jo hurd! Dan is Tytsjerk - Hantum yn in kertier te riden. No ja, dat is wat oerdreun, yn tweintich minuten. Ik wie moai op 'e tiid, Wilma siet al klear en sy koe sa mei in waarme auto fuortride. En dat is wol noflik by in diesel...

Pleatst: 13-10-2006 / 23:49 oere - Reagearje?


Moai en tryst...

Fansels is it prachtich dat der in Moai Stikje fan Klún & Knoffelhakke yn de UIT-bylage fan de Ljouwerter krante fan hjoed stiet. Mar it is spitich, mar hiel begryplik, dat it optreden fan o.s. sneon yn Aldegea (GS) net troch giet. Want de militair dy't himsels te koart dien hat yn Uruzgan kaam út Aldegea. Dat de feestjûn is ôflast en dêr ha wy alle begryp foar, want yn sokke gefallen stiet jo holle net nei it 'gehealwiis' fan Klún & Knoffelhakke.

It bliuwt dreech mei dy namme fan ús. Sa hat de krante it oer in kabaratduo en skriuwe se (sjoch nei it streekje boppe de u) Klùn & Knoffelhakke. Dat sels in respektearre deiblêd as de Ljouwerter sokke flaters makket! De leafhawwers kinne it stikje fia dizze link yn PDF-formaat neilêze. (En as jo it kritysk neilêze ûntdekke jo noch mear flaters!)

Pleatst: 12-10-2006 / 21:03 oere - Reagearje?


Underweis

Fêst prik, eltse woansdeitemiddei. Oer Hurdegaryp nei de Westerein (trene), even tanke by Broeksterwâld en dan fia Damwâld wer nei hûs. By de Total sparje wy foar hûntsjes. Der moat in kaartsje fol plakt wurde mei stikkerkes en mei 500 punten fan de tankpas meie jo in puppy mei nei hûs nimme. Wol aardich fan Total want fia ynternet kinne jo sjen hoefolle punten jo op je pas ha. En mei folle stikkerkaartsjes kinne wy dêr hiel wat hûnen foar!
Foardiel is, dat jo gjin wurk ha fan sokke lytse rakkers. En de buorlju ha der gjin lêst fan...

Pleatst: 11-10-2006 / 23:33 oere - Reagearje?


Kompjûterdei (2)

Alle begjin is dreech. Sa krige ik suver krekt in e-mailtsje fan in âlder dêr't harren bern hjoed foar it earst kompjûterdei hie:

Citeren Groep 5 & 6 - CBS it Lemieren - Tytsjerk :
Hallo meester en Raymon,
Bedankt voor jullie e-mail. Helaas konden wij in het document 'lawaai' niets ontdekken, misschien iets niet goed verstuurd?
Met vriendelijk groet,
pa en ma ...

En dat kloppe ek, Raymon hie in leech dokumint ferstjoerd. En hy hie noch wol sa syn bêst dien en wat soene heit en mem grutsk wêze op it earste e-mailtsje fan harren soan. Ja Raymon jonge, moatst der mar oan wenne, sa giet dat mei kompjûters! Moarn noch mar ris besykje...

Pleatst: 10-10-2006 / 20:28 oere - Reagearje?

Kattebeltsje...

Dan rinne jo op it plein om en dan wol ien fan de âlders in ôfspraak mei jo meitsje. Neat by de hân fansels, allinne mar in reade pêne (want wat is in ûnderwizer sûnder syn read skriuwark...)
Dan mar fluch in oantekening op 'e hân meitsje en mar hoopje datsto it noch witst asto wer yn 'e klasse sitst. Mar it wie wol aardich dúdlik, dat it moat al raar komme wol ik it ferjitte. Bykommend foardiel, jimme kinne no ek sjen hoe let de sken makke is... Mar wa is v. St. ek alwer? Foar de lêzers út Tytsjerk in moai riedseltsje!

Pleatst: 10-10-2006 / 19:35 oere - Reagearje?


Kompjûterdei...

By ús op skoalle hawwe de bern regelmjittich in kompjûterdei. Dat hâldt yn, dat de bern om 'e beurt in dei achter de kompjûter sitte meie. It wurk dat oars yn 'e skriften skreun wurde moat, wurdt no op 'e kompjûter útwurke. Oan it ein fan de dei moatte de bern it as bylage nei hûs ta e-maile en nei master. It is de bedoeling dat wy dêr dan ek wer op reagearje. Master sjocht it nei en docht der in digitaal plaatsje by en de âlders skriuwe soksawat as: 'Hoi lieverd, dat heb je weer heel goed gedaan!'

De bern fine it prachtich, want njonken 'skriftlik' wurk, meie se ek mei in protte oare edukative software wurkje. No is in dei wol hiel lang en yn 'e praktyk binne se yn in moarntiid wol klear. En dat is mar goed ek, want doe't wy mei kompjûterdei begûnen, wie der ien fan de âlders dy't sei: 'Wy se leare dat se net de hiele dei achter de kompjûter sitte meie en jimme dat ek noch stimulearje!' Dat wie in goed punt en dêrom beheine wy dat wol in bytsje. Mar foar de bern hoecht dat net, sy kinne hast net wachtsje wannear as se wer oan'e beurt binne.

En om der no foar te soargjen dat se allegearre like folle beurten krije, brûke wy kaartsjes sa as dy hjir njonken ôfbylde binne. Pylkje derby en dan witte wy krekt wa't hjoed achter it toetseboerd plak nimme mei...

Pleatst: 09-10-2006 / 23:13 oere - Reagearje?


Hantum oer de kop...

Us doarp stiet mar oer de kop! De Smidstrjitte en it krúspunt op 'e boppebuorren wurdt oanpakt. Drempels en druppels, nije klinkers en ferkearsremmers. It wurdt mar moai. It jout wol oerlêst, mar dêr moatte wy mar even oerhinne stappe...



Pleatst: 07-10-2006 / 15:30 oere - Reagearje?


Bistedei... (2)

Nei oanlieding fan it ferhaaltsje en foaral de foto's fan myn stikje oer bistedei, krige ik in reaksje fan de makker fan de foto's. Dizze reaksje wie oanlieding ta in hiele aardige e-mailwiksel. In tal hichtepunten út dizze moaie, freonlike en spontane e-mailtsjes...

Ik zag dat je mijn foto s op de site hebt gebruikt. Dat kan natuurlijk altijd, maar niet op deze manier. Dit zijn de voorbeelden zoals ze te bestellen zijn en zeker niet om te gebruiken. Ik heb je ze gemaild zodat je kon zien wat er gemaakt was. Dus als er foto s zijn die je wil gebruiken dan kan dat maar dan wel net als anderen dat doen onder de normale naamsvermelding en niet de voorbeeldfoto`s plaatsen.
Met groet, Gea Veenstra

Beste Gea,
Het plaatsen van de foto's op mijn site heb ik gedaan. Ik hou elke dag een weblog bij en dan vind ik het aardig om dergelijke zaken te vermelden/te plaatsen. Als je het stukje hebt gelezen wat erbij is geplaatst, dan begrijp je misschien de achtergrond en het verhaal erachter. Bovendien is in het stukje je naam duidelijk genoemd en zelfs een verwijzing naar je mooie website is in het stukje aangebracht. Maar omdat het in het Fries is, zal ik je een vertaling geven. Wellicht denk je er dan wat anders over... De onderstreepte woorden zijn links. (Die in dit bericht niet werken, maar op de site wel...) Veel succes met je mooie werk en nogmaals onze complimenten voor de mooie foto's en Wilma en Wietsche hebben de bestellijst al klaar! Met de vriendelijke groeten,
Hendrik van der Heide

Dierendag...
Wilma en Wietsche hebben meegedaan aan de 'Paardenvierdaagse' in Zorgvlied. (Maar twee dagen, want meer tijd hadden ze niet...) Er was ook een fotograaf aanwezig die prachtige plaatjes van de paarden heeft gemaakt. Ze zond ons wat kleine kiekjes toe, zodat de dames maar uit kunnen zoeken. Jammer dat ze verkleind en gewatermerkt zijn. Maar dat is te begrijpen, want fotograaf Gea Veenstra moet haar brood verdienen met dit werk. Als de foto's straks besteld en betaald zijn, zetten we vast en zeker een mooi exemplaar op de site. (Uiteraard onder vermelding van de fotograaf).

Hoi Hendrik,
Mijn Fries is niet mijn sterkste punt zoals je zag, ik versta het (meeste) maar kan het dus niet lezen... Ik snap nu wat je beweegreden is om het te doen. Maar ik vind het niet zo mooi om de foto's zo te zien, want bij mij staat de kwaliteit bovenaan en dan begrijp je dat ik dit niet zo mooi vind. Veel plezier met je site... misschien een Nederlandse versie voor leken in het Fries zoals ik... ha ha ha ha.
Met groet, Gea

En sa ha wy noch wat hinne en wer e-maile. It kaam derop út dat ik fia it bestelformulier op har side in moaie foto bestelle mocht. Op Gea har fersyk ha ik ek myn miening jûn op de bestelproseduere.

Se skreau:
Wij hebben het natuurlijk uitgebreid getest en kunnen wel bestellen. Ook een groot aantal andere mensen wel, aangezien jij me een pc fan toe lijkt en ook redelijk/goed dan wel geweldig met de pc om kan gaan. Zou ik willen vragen om de foto te bestellen die krijgen jullie dan van mij voor de site en te kijken of jij er wat geks aan ziet of iets waar wij de verbeteringen moeten toepassen.

No dat ha'k dien en ik moast sizze dat de side hiel kreas en knap makke wie en it bestellen sit hiel deeglik ynelkoar. Myn befiningen ha ik nei Gea ta maild en as tank, ek foar dizze leuke e-mailwiksel, pleats ik in moaie foto fan har by dit (dochs noch in hiele) ferhaal.

Hoi Hendrik,
Hier Ule Haarsma met Liberty. Geef 'm maar een mooi plaatsje op jullie site.
Met groet, Gea

It aardige is dat bygeande foto yn Warkum makke is en dêr is Wilma hikke en tein. Boppedat is de menner op 'e foto wer de baas fan Wilma har broer. En Haarsma is in topper yn 'e túchhynstesport...

Wêr't in reaksje al ta liede kin....

Pleatst: 06-10-2006 / 21:36 oere - Reagearje?


Bistedei...

Wilma en Wietsche ha meidien oan de 'Paardenvierdaagse' yn Zorgvlied. (Mar twa dagen hjer, mear tiid hiene se net...) Der wie ek in fotograaf oanwêzich dy't prachtige plaatsjes fan 'e hynders makke hat. Se stjoerde wat lytse kykjes ta, sadat de froulju mar útsykje kinne. Wol spitich, dat se ferlytse en wettermerke binne. Mar dat is ek wol te begripen, want de fotograaf Gea Veenstra moat fan sok wurk libje... As de foto's aanst besteld en betelle binne, sette wy wol in pear op dizze side.

Pleatst: 04-10-2006 / 22:07 oere - Reagearje?


Traktaasje

Al myn kollega's dogge oan de lijn en ite hast neat. It binne allegearre apels, synappels, bekers sûpe en ien stikje bôle. Sûnt koart doch ik der ek oan mei. Ja, ja, hast 50 en dan 'op jacht' nei it figuer fan 1979...

As de bern jierdei binne, traktearje se faaks op keek, lekkere koeken ja soms op gebak. Mar mei al dat meagere folk by ús op skoalle, bliuwt dat allegearre stean! Myn kollega en ik mochten der nei skoalletiid noch wolris ynhingje, mar sûnt hy wat koarter wurket (en aanst sels ophâldt...) en ik no ek by it sûne folk hear, stapelje de koeken en de keken harren op, yn in hoeke fan it oanrjocht. De ynspeksje wie okkerdeis op besite en dy sil ek wol tocht ha: it liket hjir de banketôfdieling fan de Jumbo wol!

Mar de bern, en foaral harren âlders, krije it no yn 'e gaten. Jesner traktearre op in kopke tee. Kreas ferpakt, mei in bekerke en in leppeltsje, ja sels mei twa sûkerklûntsjes foar de swakkeren ûnder it tiim. Dat wy kinne mei rjoch sizze: Jesner hat de toan set. Aanst is Douwe oan bar. Dat is in boeresoan, dat wy sille aanst elk wol in krop slaat krije...

Pleatst: 04-10-2006 / 21:47 oere - Reagearje?


Beantsjes...

Juster healwei âlven jûns pas thús. In lange wurkdei. Lokkich ha'k in goed plak dêr't ik even wat ite mei. Op dizze foto ha wy krekt it miel op en posearje ik mei Jurjen foar de fotograaf. It mei dúdlik wêze wat wy iten ha. Allinne binne it no tesjetten, pûltsjes as griene beantsjes... Yn elts gefal smakke it wer hearlik!


Pleatst: 03-10-2006 / 06:04 oere - Reagearje?


Abraham

Oktober is wol in hiele spesjale moanne. It hat alles te krijen mei it getal wat hjirnjonken te sjen is... De 23-ste is it safier en wy sille der stadich nei ta wurkje...

Elke moanne begjin ik mei in nije side yn dit webdeiboek. De blêden fan de moannen dy't west binne, kinne jimme hjirnjonken oanklikke en nochris weromlêze...

Pleatst: 01-10-2006 / 14:07 oere - Reagearje?


'De Steenen Man'

Juster moasten wy wol yn in hiele bysûndere lokaasje spylje mei Klún & Knoffelhakke. Wy moasten optrede foar de frijwilligers fan it doarpshûs de String yn Zurich. Yn it Frysk is it Surch, mar de doarpsbewenners steane derop dat it yn it Hollânsk skreaun wurdt. Dat lûkt neffes harren in protte toeristen. Dy litte harren dan fotografearje by it plaknammeboerd en sizze dan tsjin famyljeleden dat sy yn Switserlân west binne.

No hie de foarsitter in protte minsken útnoege en it doarpshûs soe te lyts wêze om al dy gasten in plak te jaan. (It doarpshûs is krekt wat grutter as dat fan Hantumhuzen...) Sadwaande wie ús poadium opboud yn de Steenen Man. In prachtich karakteristyk hotel oan de waaddyk. It wie krekt as stapten jo de foarige ieuw yn, in echt brún kafee dêr't de tiid stil stien hie.

Wy moasten hiel wat oanpasse om al ús spul kwyt te kinnen en wy moasten dan ek wat yn 'e karre sitte litte. Kroechbaas Johan, in Harnzer dy't in jier lyn op syn 63-ste it hotel noch oernaam hie, hie alles oan kant setten en hie mei in protte wrakseljen sa'n 70 stoullen te plak krigen. It publyk siet dan ek deun op it poadium en sadwaande koene wy se hast oanreistje. Mar dat ha wy eins ek it leafst! It waard dan ek in prachtich optreden yn in hiele goeie sfear. Nei ôfrin ha wy der in protte fans bykrigen yn Zurich. Se stiene sels om ús hinne doe't wy de karre ynladen en moasten hantekeningen sette op ús petten dy't wy útdield hiene.

Kabouter Plop (neffes Broer), in 70-jierrige Hagenees dy't al sa'n 20 jier yn Fryslân wenne, waard ús grutste fan en mei ús petsje op hat hy de rest fan de jûn yn it kafee omstapt, bier drinkend út syn eigen glês. 'En woarh vin je dat nôg,' neffes ús kabouter.
De foarste tafel op ûndersteande foto wie oan kant skoot en dêr hiene se in podium opboud dêr't wy krekt ús spul op kwyt koenen

Pleatst: 01-10-2006 / 13:22 oere - Reagearje?


'Vergis je niet in de prijs...'

'Falt dy ek wat op?' sei Wilma sneontemoarn ûnder de kofje. Ik hie earst gjin idee, mar doe seach ik dat se nije keamerplanten kocht hie. Neffes har wiene der in pear oan in oare pot ta. 'En dêr begjin ik net oan,' neffes Wilma. It is goedkeaper (en it giet hurder) om in pear oaren te heljen. No ha wy in de keamer in hiel grut rút en nije keamerplanten, dy't earst mar lyts binne, falle hielendal wei achter dy grutte glêzen.

No ha wy dêr wat op fûn. Wy sette de blompotten 'gewoan' opelkoar. Sadwaande liket it fan bûten as de planten al aardich grut binne. Komme se op lingte, dan helje wy der in pot tuskenút. Wy witte se binne net by Ikea te krijen, mar dêr ha wy ús noch nea wat fan oanlutsen...

Pleatst: 01-10-2006 / 13:20 oere - Reagearje?